Seis bedriuwen nominearre foar Fryske Held van de Smaak

20 aug 2015 - 17:04

Der binne seis bedriuwen nominearre foar de ferkiezing ta Fryske Held fan de Smaak. It tema is dit jier ferantwurde fisk en skaal- en skulpbisten. De bedriuwen dy't nominearre binne, wurkje dêr allegear mei. It giet om Iselmarfiskerij De Vries fan Warns, ielfisker Ale de Jager fan Reduzum, restaurant 't Stasjon Kofjehûs yn Molkwar, fisker Corrie Nagel fan Harns, ielfiskerij Visserman fan Heech en it Ljouwerter bedriuw The Haddock Fish and Chips.

De winner wurdt freed bekend makke en giet troch nei de lanlike ferkiezing fan Held fan de Smaak. Ferline jier wûn Tjalke Stoelwinder fan It Hearrenfean foar syn wurk om âlde pûlfruchten te weryntrodusearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)