Stellinga nimt moandei ôfskied as boargemaster fan Skier

20 aug 2015 - 16:05

Sjon Stellinga nimt kommende moandei ynformeel ôfskied as boargemaster fan Skiermûntseach. Der is in resepsje op it gemeentehûs, dêr't eilanners hinne kinne om Stellinga de hân te jaan.

Sjon Stellinga stapte koartlyn op fanwege de situaasje yn syn priveelibben. Hy hie in relaasje mei in gemeente-amtner krigen en hat dêrom besletten syn funksje del te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)