BSB Staalbouw út Sumar: "Wy hawwe faald yn Alphen"

20 aug 2015 - 12:55

BSB Staalbouw út Sumar seit faald te hawwen by it tarieden fan it hisen fan it brêgedek yn Alphen aan den Rijn. It plan dêrfoar hie earst foarlein wurde moatten oan in spesjalisearre bedriuw. Dat seit direkteur/eigener Jan Pesie yn in ynterview mei de lokale stjoerder Studio Alphen.

Begjin dizze moanne foelen twa hyskranen op potons om by it hisen fan in brêgedek. Meardere huzen en bedriuwen rekken skansearre. Net ien rekke ferwûne.

Neffens direkteur Pesie hat BSB Staalbouw sels net de ekspertize om stabiliteits- en ballastberekkeningen foar pontons te kontrolearjen. Dat moat yn de takomst oars, seit er. Tagelyk seit er dat net ien it ûngelok yn Alphen aan den Rijn oankommen sjoen hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)