Frou út Snits fernielt gerdinen by oare frou nei in rûzje

20 aug 2015 - 11:02

In 46-jierrige frou út Snits is woansdeitemiddei troch de plysje yn har wenplak oanhâlden. Sy wurdt fertocht fan stellerij en fernieling. De frou hie spul krigen mei in oare frou, gie har hûs yn en fernielde dêr de gerdinen. Dêrnei gie se wer fuort, mar naam ek de laptop fan it slachtoffer mei.

It slachtoffer warskôge de plysje. De fertochte is foar ûndersyk nei it plysjeburo brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)