Frysk Jeugd Orkest wint muzykwedstryd '200 jaar Koninkrijk'

20 aug 2015 - 10:22

It Frysk Jeugd Orkest is de winner wurden fan de muzykwedstryd 'Tweehonderd jaar Koninkrijk'. Sy meie it stik 'Van Oranje' fan komponist Carl Wittrock útfiere yn Teater Carré yn Amsterdam by de slotfiering fan twahûndert jier Keninkryk. Dêrby sille Kening Willem Alexander, keninginne Máxima en Prinses Beatrix oanwêzich wêze.

Oan de wedstryd diene trettjin orkesten út Nederlân mei. Sy hiene harren fersy fan it muzykstik 'Van Oranje' ynstjoerd fia Youtube.

Neffens de sjuery wie de ynstjoering fan it Frysk Jeugdorkest de bêste. De sjuery skriuwt: "De uitvoering is een genot om naar te luisteren. Een compliment voor de jonge musici die over een grote muzikaliteit beschikken, maar ook voor de dirigent. De uitvoering is strak, fris en zuiver".

It Frysk Jeugd Orkest stiet ûnder lieding fan dirigint Theo Brouwer. De slotfiering fan 'Tweehonderd jaar Koninkrijk' is op 26 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)