Partoer Ilse Tuinenga wint 39e frouljus PC

19 aug 2015 - 18:19

It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra hat de 39 edysje fan de frouljus PC wûn. It trio wie mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Anne Monfils, Imke van der Leest en Renske Terwisscha van Scheltinga. Manon Scheepstra waard útroppen ta keninginne.

It trio Tuinenga hearde foarôfgeand oan it toernoai al by de favoriten. Se stienen twadde yn de ranking. De nûmer 1 (Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra) waard ferrassend útskeakele yn de earste omloop.

De lytse preemje gong nei it partoer fan Nicole Hempenius, Nynke Sijbrandij en Wiljo Sijbrandij. Sy waarden yn de heale finale ferslein troch Monfils-en-dy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)