Sander de Rouwe wol opheldering oer topynkommens Alliander

19 aug 2015 - 18:06

Deputearre fan Finânsjes Sander de Rouwe wol witte werom't it bedriuw Alliander NV twa bestjoerders tefolle jild betellet. Op dit stuit krije de bestjoerders mear betelle as dat der yn de Wet Normering Topinkomens stiet. Yn dizze wet stiet dat it lean fan in bestjoerder net mear wêze mei as dat fan in minister.

De Rouwe fynt dat Alliander NV in publyk bedriuw is en dat it skeinen fan dizze wet dêr net by past.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)