Angela Groothuizen fynt eigener trouring nei radio-oprop

19 aug 2015 - 17:22

De syktocht nei de eigener fan in trouring yn Ljouwert is slagge. Foar it nije programma Lost and Found die Angela Groothuizen tiisdei by Weistra op wei in oprop om mei tips te kommen. De ring hie de ynskripsje Rintje en 20 maaie 2009. Dat soarge foar in protte reaksjes fan harkers, foaral op twitter.

Sa kaam de eigener al gau yn byld. It giet om Henk de Weerd út Ljouwert. Hy is seis jier lyn troud mei Rintje Heeringa en is de trouring in pear jier lyn kwytrekke. Wierskynlik om't hy de ring foar syn wurk by in boumerk faak ôfdie.

It stel is neffens Angela Groothuizen hiel bliid dat se de trouring werom ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)