Partoeren Tuinenga en Monfils yn finale frouljus PC

19 aug 2015 - 17:05

It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra nimt it yn de finale fan de frouljus PC op tsjin it trio Anne Monfils, Imke van der Leest en Renske Terwisscha van Scheltinga. Tuinenga-en-dy hearre by de favoriten. Sy steane twadde yn de ranking, achter Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Dy waarden ferrassend al yn de earste omloop útskeakele.

It partoer fan Monfils rekkene yn de heale finale ôf mei Nicole Hempenius, Nynke Sijbrandij en Wiljo Sijbrandij, de nûmer 3 yn de ranking fan dit seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)