Jongeren yn Ljouwert yn aksje foar loverboyslachtoffers

19 aug 2015 - 14:34

De jongere-ôfdielings fan in tal Fryske partijen komme 24 augustus yn aksje foar slachtoffers fan loverboys. De jongeren fan D66, PvdA en CDA fine dat der troch de provinsje jild frij makke wurde moat om famkes dy't slachtoffer binne fan loverboys te stypjen.

Moandei sille de jongeren Ljouwert yn mei de skoalyntroduksjewike mei de tekst: "Ik laat de slachtoffers van loverboys niet achter een raam staan". Doel is dat safolle mooglik studinten op de foto geane mei dizze tekst. Dêrnei bringe de partijen de foto's nei it provinsjehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)