Fytsemakker trappearret Ljouwerter mei stellen fyts

19 aug 2015 - 12:38

In 33-jierrige Ljouwerter is tiisdei oanhâlden, nei't hy mei in stellen fyts by de fytsemakker kaam. De fyts stie yn it helingregister, wêrnei't de fytsemakker de plysje warskôge.

De fyts wie earder dit jier stellen by in wenningynbraak. De Ljouwerter hie de fyts foar in pear tientsjes kocht. De plysje ûndersiket noch wa't de fyts stellen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)