Beleanning fan 10.000 euro foar gouden tip ynbraak Snits

19 aug 2015 - 12:03

It slachtoffer fan in ynbraak yn in wenning yn Snits hat in beleanning fan 10.000 euro yn it foarútsicht steld fan dejinge dy't de saak mei in gouden tip oplost. Yn de nacht fan 1 op 2 augustus is ynbrutsen yn in hûs oan De Lauwers yn de Snitser wenwyk De Loten. Der binne ferskate saken stellen en der is in ûnbekend jildbedrach meinommen.

De bewenner hat der 10.000 euro foar oer om syn guod werom te krijen. Betingst is wol dat alle stellen guod en jild werom komme.

Trefwurden: 
wenningynbraak beleanning
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)