Nije app om ljocht binnenstêd Ljouwert te betsjinjen

18 aug 2015 - 22:58

It ljocht yn de binnenstêd fan Ljouwert is yn de takomst te betsjinjen troch de besikers en ynwenners fan de stêd. Se dogge dat mei help fan in spesjale app. De app bestjoert de beljochting fan monumintale gebouwen yn de binnenstêd. De spesjale beljochting en de app binne in inisjatyf fan de stifting Lichtstad Leeuwarden.

Neffens dy stifting is de beljochting no net goed en mei it each op Kulturele Haadstêd 2018 soe dat in stik better kinne. It plan kostet goed 9.000 euro per gebou. Dat jild moat komme fan ûndernimmers, gemeente en KH2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)