By kontrôle oanhâlden frou freget plysje 'om op te sjitten'

18 aug 2015 - 20:26

De plysje hat by kontrôles op it klaverblêd by It Hearrenfean trije rydbewizen ynnaam. It giet om automobilsten dy't te hurd rieden. Twa fan har hienen mear as fyftich kilometer tefolle op de teller stean, nûmer trije ried hast sechtich kilometer te hurd.

Opfallend wie dat ien fan de kontrolearren de plysje frege om op te sjitten. Sy moast nei eigen sizzen de boat helje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)