Imtech Building Services fallyt: 1200 man op strjitte

18 aug 2015 - 20:08

It ûnderdiel Building Services fan Imtech, mei ûnder oare fêstigings yn Ljouwert en Drachten, is fallyt. Fakbûn CNV Vakmensen seit dat fan de kuratoaren heard te hawwen. Lanlik ferlieze dêrtroch sa'n 1200 minsken har baan. It memmebedriuw Royal Imtech waard koartlyn ek fallyt ferkleare. De kuratoaren besochten dêrop ûnderdielen fan it bedriuw te ferkeapjen.

Foar Building Services is dat net slagge, foar twa oare ûnderdielen hawwe har wol oernamekandidaten meld. By dy twa wurkje sa'n 1300 minsken.

De meiwurkers fan Imtech Building Services yn Noard-Nederlân binne tiisdeitejûn oer it fallisemint ynformearre op in personielsbyienkomst yn Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)