Brantsje yn wenhûs Skuzum

18 aug 2015 - 17:43

De brânwacht kin noch net sizze wat de oarsaak wie fan in brân fan tiisdeitemiddei yn in wenhûs yn Skuzum. Dêr ûntstie tsjin healwei seizen fjoer yn de wenkeamer. Omdat de melding wie dat it om in útslaande brân gean soe, skaalde de brânwacht op nei in middelbrân. Der kamen ferskate korpsen nei Skuzum. Dêr die lykwols bliken dat de bewenners it fjoer sels al útmakke hienen en feilich bûten stienen.

De brânwacht hat noch wol in kontrôle dien. Hoe grut oft de skea is is noch net bekend.

Trefwurden: 
brân brânwacht Skuzum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)