Noch gjin dúdlikheid oer takomst doarpsmûne Reduzum

18 aug 2015 - 16:11

Noch hieltyd wite de ynwenners fan Reduzum net wat der yn de takomst bart mei de doarpswynmûne. De provinsje kin noch gjin dúdlikheid jaan, wylst de Stifting Doarpsmûne Reduzum dy yn desimber ferline jier al ferwachte. De mûne is yn 1994 yn it doarp pleatst en foarsjocht Reduzum, Friens en Idaerd fan enerzjy. De bewenners wolle sa graach in nije doarpsmûne dat sy mei-inoar 400.000 euro tasein hawwe foar in nije mûne.

Sûnder de mûne binne der gjin ynkomsten mear foar projekten yn it doarp, seit de foarsitter fan Stifting Doarpsmûne Reduzum.

Provinsjale Steaten hat earder wol in moasje oannaam dat doarpsmûnen ûnder beskate betingsten dochs opsteld wurde meie, mar sa't it no liket moatte de Redústers noch even wachtsje op in definityf antwurd.

Trefwurden: 
Reduzum doarpsmûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)