Rinsma sil no ek manlju yn nije klean stekke

18 aug 2015 - 14:36

Op De Gordyk iepenet moadebedriuw Rinsma woansdeitejûn in mannemoadesaak neist de populêre besteande winkel foar froulju. De kleanfamylje wol mei de ferkeap fan manljusklean mear publyk lûke. Foar har eigen ferkeap fansels en yndirekt ek foar de oare ûndernimmers yn it sintrum fan it doarp.

Yn 'De Heeren fan Rinsma', sa't de saak hjit, wurdt tiisdei noch drok wurke oan de ynrjochting foardat woansdeitejûn de offisjele iepening is. It giet om in inisjatyf fan Sake Rinsma, fyfde generaasje Rinsma, en winkelsaakkundige Wytze Peenstra.

Ek oare ûndernimmers op De Gordyk hoopje troch de útwreiding noch folle mear Rinsma-publyk oer de flier te krijen. Mei de nije manljussaak beskikt de Rinsma moadegroep no mei-inoar oer 3000 kante meter oan ferkeapromte. Dêrmei wiene en bliuwe se de grutste moadesaak fan Noard-Nederlân. It publyk is fan tongersdei ôf wolkom yn de saak.

Trefwurden: 
De Gordyk Rinsma moadebedriuw
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)