Rykswettersteat nimt maatregels nei ûngelokken klaverblêd

18 aug 2015 - 14:14

Rykswettersteat nimt ekstra maatregels fanwege it grutte tal ûngelokken by it klaverblêd Hearrenfean. Der komt ûndersyk nei de steat fan it asfalt en oan de fjouwer tagongsdiken komme tekstkarren mei warskôgings. Hjirop stiet dat de dyk by reinbuien glêd wêze kin. De dykbehearder hat noch gjin ferklearring foar it grutte tal ûngelokken en slippartijen.

De ôfrûne moannen hawwe der sa'n trettjin ûngelokken west op it klaverblêd. Tiisdei wiene it der sels twa. De ûngelokken hawwe de heechste prioriteit foar Rykswettersteat.

De dykbehearder hat earder it asfalt fan it klaverblêd skjinmeitsje litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)