File by It Hearrenfean troch twa ûngelokken

18 aug 2015 - 08:55

Twa ûngelokken op it klaverblêd by It Hearrenfean ha tiisdeitemoarn foar oerlêst soarge op de A7 fan Drachten nei De Jouwer. By it earste ûngelok bedarre in auto op ien fan de ôfritten yn de fangrail. Dêrnei wie der in kettingbotsing dêr't fjouwer auto's by belutsen wiene. By beide ûngelokken rekke net ien ferwûne, wol ûntstie der in kilometers lange file.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)