Fryske diken boarne fan eangst foar hurdfytsers

17 aug 2015 - 21:35

Fytsers binne benaud foar de ferkearsfeiligens yn de provinsje. Yn noch gjin twa wiken tiid ha der twa deadlike ûngemakken mei fytsers west. Op 8 augustus kaam in fytser om it libben by in ûngefal yn Eanjum. Dit wykein gie it mis op de Sondelerdyk by Sondel. Gerrit Kok fan Balk is ien fan dy ferûntrêste hurdfytsers.

Neffens him binne de diken yn Fryslân net mear fan dizze tiid. 'Se binne te smel en benammen yn de lânbou wurde de masines hieltyd grutter."

Kees Mourits fan It Fytsersbûn wol dat der in mentaliteitsferoaring komt. 'It motorisearre ferkear moat net de maksimaal tastiene snelheid ride op it momint dat der in fytser oankomt,' sa fynt Mourits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)