Twa slippartijen op klaverblêd by It Hearrenfean

17 aug 2015 - 20:29

Glêdens hat op it klaverblêd by It Hearrenfean moandeitejûn twa kear foar in ûngemak soarge. Earst slipte in frachtwein op de A7. Dy kaam tsjin de fangrail ta stilstân. De skansearre frachtwein koe mei de skea trochride.

Efkes letter slipte der in auto, dy't fan de A32 de A7 opride woe. Ek dizze auto einige tsjin de fangrail. De bestjoerster kaam mei de skrik frij. De auto is fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)