Twa man oanholden foar it fernielen fan auto's yn Ljouwert

17 aug 2015 - 18:56

De plysje hat snein twa manlju út Ljouwert en de gemeente Hearrenfean oanhâlden, omdat se auto's fernield ha soene yn Ljouwert. Neffens de plysje hearden de twa by in groep fan sa'n tweintich oaren, dy't yn de Coopmansstrjitte auto's stikken makke ha.

Se koenen op grûn fan in sinjalemint oanhâlden wurde. De plysje slút net út dat der mear minsken oanhâlden wurde en freget minsken dy't mear witte oft se har melde wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)