Opknapbeurt foar Noarderhavendaam Harns

17 aug 2015 - 17:01

Yn Harns wurdt de kommende wiken in part fan it asfalt fan de Noarderhavendaam ferfongen. Dat is nedich omdat dat stik fan de daam net mear foldocht oan de feiligenseasken. It giet om in stik fan dik 200 meter. Wilens it wurk is de daam ôfsletten foar publyk. Alles mei elkoar kostet it ien miljoen euro.

De kommende trije jier wurde op tal fan plakken oan de kust de diken opknapt om se by de tiid te bringen. Dat alles kostet dik trije miljard euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)