Oppakte Drachtster wurdt fertocht fan moard

17 aug 2015 - 16:19

De 43-jierrige Drachtster dy't fêstsit omdat er syn eks-freondinne ombrocht ha soe, wurdt fertocht fan moard. Dat meldt it Iepenbier Ministearje. De man is moandeitemiddei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy hat bepaald dat de fertochte yn elts gefal noch twa wiken fêstsitten bliuwt. Ek mei hy foarearst allinnich kontakt ha mei syn advokaat.

Earder makke de plysje al bekend dat it wapen, wêr de frou mei ombrocht is, fûn is.

It slachtoffer, in frou fan 32 út Drachten, waard freedtemoarn dea fûn yn har hûs oan de Zilverschoon, nei in melding fan de buorlju

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)