Trio Jan Dirk de Groot wint yn Kimswert

16 aug 2015 - 17:18

It partoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar hat snein it frije formaasje haadklasse keatsen yn Kimswert wûn. Se wienen mei 5-5 en 6-6 te sterk foar it partoer fan Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Marten Feenstra. Hans Wassenaar is útroppen ta kening.

Earder fersloegen Steenstra en dy it partoer fan Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra dy’t mei Bauke Triemstra as ferfanger fan Johan van der Meulen keatsten. Jan Dirk de Groot en dy fersloegen yn de heale finale it partoer fan Gert-Anne van der Bos.

Trefwurden: 
Kimswert keatsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)