Ljouwerter drugsrider rekket rydbewiis kwyt

16 aug 2015 - 17:11

In 19-jierrige Ljouwert is sneontemiddei syn rydbewiis kwytrekke, omdat de plysje him fertinkt fan it riden ûnder ynfloed fan drugs. De plysje miende te sjen dat de man in joint rookte ûnder it riden en hold him op it parkearterrein fan De Centrale oan. De man is meinommen nei it buro, dêr't him in bloedproef ôfnommen is. De útslach is oer in pear wike bekend. It rydbewiis fan de man is ynnommen en der wurdt proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Ljouwert drugs drugsrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)