Soad besikers foar Big Taste Festival yn Snits

16 aug 2015 - 15:54

Tûzenen minsken kamen dit wykein ôf op it earste Big Taste Festival yn Snits. It is de earste kear dat op dizze grutte skaal in evenemint by saneamde foodtrucks organisearre wurdt. It konsept komt út Sina dêr't al folle langer fan alles op strjitte te krijen is.

It iten dat yn de foodtrucks sean wurdt, is yn 'e regel fan in wat heger kulinêr nivo as wat gewoanwei op strjitte te krijen is en ek wat sûner mei wat mear eksoatyske smaken. As it oan de organisaasje leit, krijt dizze earste edysje takom jier in ferfolch.

Trefwurden: 
Snits iten Big Taste Festival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)