Drachtster rydt troch nei ûngelok mei fytsers by Sigerswâld

16 aug 2015 - 11:25

De plysje hat sneontemoarn in 59-jierrige man út Drachten oanhâlden, omdat hy trochriden wie nei in ferkearsûngelok. Dat ûngelok wie op de Bremerwei by Sigerswâld. De Drachtster ried mei in oanhingwein efter de auto oer de Bremerwei nei Sânhuzen en helle twa fytsers yn.

Nei alle gedachten is hy te betiid wer nei rjochts gongen. Dêrtroch foelen de beide fytsers. De beide manlju (42 en 46 jier) út Menameradiel binne beide nei it sikehûs brocht. De plysje koe de fertochte yn Sânhuzen oanhâlde. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
ûngelok plysje Sigerswâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)