Hearrenfean stiet stil by oarlochsslachtoffers Ynje

15 aug 2015 - 21:20

By de Nederlânsk-Ynjebetinking sneontejûn op It Hearrenfean hat boargemaster Tjeerd van der Zwan ek sprutsen oer de betsjutting fan dy betinking foar syn famylje. 70 jier lyn kapitulearde Japan en wie de Twadde Wrâldoarloch echt foarby. Minsken hjir hiene lykwols net in soad each foar wat der him yn it hjoeddeiske Yndonezië ôfspile.

En dat die sear. Bygelyks by minsken dy't dêr yn kampen sitten hienen lykas de mem fan Van der Zwan. Ek foar wat der dêrnei gebeurde wie hiel lang net in soad omtinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)