Ynbraak fia dak Bakhuzen

21 okt 2011 - 21:32

Yn de nacht fan tongersdei op freed is ynbrutsen yn in winkel oan de Sint Odulphusstrjitte yn Bakhuzen. Dat gebeurde fia in gat yn it dak fan de winkel. Der is in grutte partij sigaretten stellen. In 33-jierrige Bakhúster hat oanjefte dien.

Earder fan 'e wike waard yn Kollumersweach ek fia in gat yn it dak yn in supermerk ynbrutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)