Kantoar Vitens te grut

21 okt 2011 - 16:34

It kantoar fan Vitens yn Ljouwert is te grut om't hieltyd minder minsken op kantoar wurkje. Meiwurkers fan it wetterliedingbedriuw hawwe mear frijheid om sels te bepalen wêr't se wurkje. Se dogge dat hieltyd faker thús of sykje de oare kollega's op yn in sintrale kantoar yn Zwolle.

It kantoar yn Ljouwert stiet foar in grut part leech. Vitens ûndersiket no wat se mei it kantoar dwaan sille. It lab bliuwt yn alle gefallen wol yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)