Wedstriid fytse tsjin hynder

Foto: Tour for Life
Hurdfytser Johnny Hoogerland út Seelân nimt it op sneon 12 novimber op tsjin Unforgettable. Dat is ien fan de meast súksesfolle hynders fan Nederlân. Hy docht dat op de drafbaan fan Wolvegea.
De fyts-hynderwedstriid is in inisjatyf fan it bedriuw Breed Two Success. Dat stipet stifting Jayden, in stifting dy't him ynset foar de striid tsjin neuroblastoomkanker. Dat soart kanker komt meastal foar by bern. De stichting krijt de helte fan de opbringst fan it entreejild.