Stekken tsjin fallend pún

21 okt 2011 - 16:07
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Harns hat stekken sette litten om in hûs oan de Grutte Tsjerkestrjitte yn de stêd. Sa moatte foarbygongers op ôfstân hâlden wurde, omdat it hûs yn in hiele minne steat is. Der soene stiennen of dakpannen nei ûnderen komme kinne.

De gemeente hat earder al besocht de eigner te bewegen wat oan it hûs te dwaan, mar dat is oant no ta net slagge. Neffens wethâlder Maria Le Roy kinne der sa dakpannen ôf falle.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)