Boerd plysjeburo fernield

In boerd mei it logo fan de plysje dat by it haadburo yn Ljouwert stiet, is tongersdeitenacht fernield. It giet om in boerd mei ferljochting deryn. De plysje wit ûnderwilens al wa't de dieder is, omdat syn die op kamera's fêstlein is. Dêr is op te sjen dat in man it boerd mei in stien bewurket. De man moat noch oanhâlden wurde.
De plysje hat in nij boerd besteld.