Utfining: minder antibioatika

21 okt 2011 - 12:34

In Fryske útfining kin dêrfoar soargje dat de feesektor de helte minder antibioatika brûkt. It bedriuw Hoogrendement út Tytsjerk hat in probioatika makke dy't de wjerstân fan kij, bargen en oare bisten ferheget.

Antibioatika yn de feehâlderij is in soad om te dwaan. It iten fan it fleis fan de bisten kin derfoar soargje dat minsken resistint wurde tsjin antibioatika. Ynfeksjes troch baktearjes kinne dan minder goed behannele wurde. Dat kin gefaarlik wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)