Baggerdepot Skier is fol

Foto: Omrop Fryslân
De gemeente Skiermûntseach besiket út te finen wêr't it hinne moat mei bagger út de jachthaven. Oant 2007 koe de gemeente it baggerslyk oer it Waad ferspriede. Dêrnei mocht dat net mear fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. It guod kaam yn in depot en dy opslach is no fol.
It slyk ôffiere kostet 2,5 ton. De gemeente wol no besjen oft der ek noch oare mooglikheden binne.