Epke hat pear dagen frij

Epke Zonderland (argyffoto: Martin de Jong)
Epke Zonderland hat nei syn teloarstellende optreden op it WK turnjen in pear dagen frij krigen om de akku wer op te laden. Yn Tokio einige Zonderland op rek op it fiifde plak, wylst er op it poadium einigje moatten hie foar kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen.
Zonderland sil yn jannewaris in mearkamp draaie moatte om noch kâns te hawwen op dielname oan de OS. Neffens trainer Daniël Knibbeler wurdt dat in "enorme uitdaging."