Ferkear op A7 rydt wer

21 okt 2011 - 10:16

De ferkearsproblemen op de A7 by Beetstersweach binne foarby. In frachtwein hie dêr freedtemoarn in oplizzer ferlern. Ferkear koe in skoftlang allinne oer de flechtstrook. Dat soarge foar in lange file. De frachtwein en oplizzer binne no wer fuort.

In motorrider rekke ferwûne neidat er mei tachtich kilometer yn de oere tsjin de oplizzer oanriden wie. De man is op it plak sels behannele en hoegde net nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)