Fernieler smyt guod út hûs

21 okt 2011 - 10:00

In 31-jierrige Ljouwerter is tongersdeitejûn oanhâlden foar fernieling. Dat wie oan de Oldegalileën. Buertbewenners dêr hiene sjoen dat de man guod út syn hûs smiet. Fierders fernielde er de doar fan syn eigen hûs.

De man is arrestearre en hy sit foar ûndersyk fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)