Auto yn sleat by Froubuorren

21 okt 2011 - 06:29

Nei it rammen fan in stiennen pilaar is tongersdeitejûn by Froubuorren op It Bilt in auto yn 'e sleat bedarre. Foar de bestjoerder wie dat oanlieding om út te naaien.

De helptsjinsten waarden even nei alve oere warskôge omdat der in auto yn it wetter lei. By oankomst waard al rillegau dúdlik dat der net ien yn 'e auto siet. Yn 'e auto is noch al nei de papieren socht om de eigner te achterheljen. Oft dat slagge is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)