Keamerfragen oer needmêst

20 okt 2011 - 20:27

Leden fan de Twadde Keamerfraksje fan de VVD hawwe skriftlike fragen steld oan de ministers Verhagen en Van Bijsterveldt oer de radio-ûntfangstproblemen yn it noarden fan Nederlân. In protte radiostjoerders binne hjir sûnt it ynstoarten fan de radiotoer yn Smilde noch hieltyd net folslein te ûntfangen.

De keamerleden freegje ûnder oare oft de needstjoerder yn Assen net op in oare lokaasje stean moat of heger set wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)