It Bilt hâldt 80.000 euro oer

De gemeente it Bilt hâldt goed 80.000 euro oer op de begrutting fan takom jier. Om dat te berikken, moast de gemeente wol acht ton besunigje. Sa moasten it jongerewurk en de skoallen ynleverje en waard de OZB ferhege.
It Bilt hat meardere byienkomsten holden dêr't de besunigings-foarstellen yn foarlein waarden oan de boargers. Yn 2013 hat de gemeente mooglik in lyts tekoart fanwege in legere útkearing fan it Ryk oan de gemeente.