Dokkum krijt led-ferljochting
De besteande strjitferljochting oan de Noardlike rûnwei fan Dokkum wurdt ferfongen troch led-ferljochting. Dat is it plan fan it kolleezje fan B&W fan de gemeente Dongeradiel.
It giet om sa'n 20 lampen dy't ferfongen wurde moatte. De gemeente hopet mei de led-ferljochting sa'n 40 euro per ljochpunt te besparjen.