Occupy-protest ek yn Ljouwert

20 okt 2011 - 16:04

Nei New York, London en Amsterdam wolle aksjefierders fan de Occupy beweging no ek yn Ljouwert in demonstraasje op tou sette. De Occupy beweging protestearret tsjin de ûngelikens yn de wrâld en de macht fan it grutte jild.

Yn in koart skoftke tiid hat de beweging him útwreide fan in lytse aksje op Wallstreet nei in wrâldwiid protest yn mear as 80 lannen. Sneon wolle de aksjefierders op it Waagplein yn Ljouwert demonstrearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)