Cambuuropstelling geheim

20 okt 2011 - 13:06

De technyske stêf fan Cambuur wol de opstelling fan de Ljouwerters foar de thúswedstriid fan freed tsjin FC Oss net bekend meitsje. Cambuur ferlear ferline wike mei 4-1 fan Go Ahead Eagles.

Neffens de trainers is de seleksje yn wedstriden te leaf. De ôfrûne wike is der net in protte praat, mar wol skerp traind. Ek de spilers witte de opstelling noch net. Hese en Dijkstra binne skorst. Foar de rest is de seleksje fit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)