Soad krityk op De Gearhing

Op de besunigingsplannen foar de iepenbiere basisskoallen yn Súdwest-Fryslân en Littenseradiel is grutte krityk. In grut part fan de meisizzenskipsrieden fan de 29 skoallen hawwe fragen by de plannen fan ûnderwiisorganisaasje De Gearhing dêr't de skoallen ûnder falle.
Der moat de kommende twa jier hast in miljoen euro besunige wurde. In grut tal basisskoalledirekteuren wurdt dêrom skrast. Der bliuwe mar 7 fan de 19 oer.