Aksje foar muzyktinte yn Grou

Foto: Pleatslik Belang Grou
Stifting Muzyktinte Grou fiert aksje om de finansiering fan de nije tinte op It Grien rûn te krijen. Se wolle mei fjour wiken begjinne mei de bou mar oant no ta is noch mar 120.000 euro ophelle wylst der 250.000 euro nedich is.
De muzyktinte waard yn de jierren '80 ôfbrutsen en sûnt 2009 binne der plannen foar in nije. Dy krijt ek ûndergrûnske húskes foar it winkeljend publyk. De stifting wol yn de simmer fan 2012 klear wêze mei de bou.