Burgernet: mear oanhâldings

20 okt 2011 - 10:50

Troch de ynset fan Burgernet slagget it de plysje hieltyd better om fertochten fluch nei in strafber feit oan te hâlden. Dat seit Wim van Essen fan de Plysje Fryslân. It tal oanhâldings 'op heterdaad' is it lêste jier tanommen fan 6 oant 17 prosint.

Hieltyd mear Fryske gemeenten slute harren by Burgernet oan. Tongersdei kamen Frjentsjerteradiel, Harns, Eaststellingwerf en Smellingerlân derby. De plysje wol graach dat alle Fryske gemeenten meidogge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)