Plysje drok mei dwerse mannen

20 okt 2011 - 10:21

De plysje yn Ljouwert hat it woansdei drok hân mei minsken dy't har tsjin de plysje kearden. In 21-jierrige fytser waard oanholden om't er gjin ljocht hie. Doe't de plysje him in bekeuring jaan woe, sloech de man it boekje út hannen fan de plysje. Hy fersette him tsjin syn oanhâlding en waard yn de boeien meinaam nei it buro.

In 44-jierrige Ljouwerter waard oppakt om't er de doar fan it buro oan de Gardenierswei fernielde. Mei help fan tsjûgen waard de fernieler oanholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)